Dit
jier spylet
“Op
mar net út ‘e Hichte”
foar
it earst yn MFC “Het Spectrum”.
Wy
pakke út mei it stik:
Breidssuite
In
klucht fan Anthony Mariott en Bob Grant oerset troch Simy Sevenster.
It
Stik:
It
spilet him allegearre ôf yn in hotel wat bettere tiden kend hat. It
hiele hotel is folboekt yn ferbân mei de Ynternasjonale Muzykdagen,
in stik bûter yn ‘e brij foar de eigners. Boppedat is der noch in
dokter dy’t mei syn skarreltsje yn ’t hotel oernachtet, in jong
steltsje op houliksreis en in dame mei harp dy’t ûnferwachts
ynfalle moat op it muziekfestival. Dan is er noch in butler/portier
dy’t altyd yn’e kontramine is. Hij is wol een leafhawwer fan
foaien, mar net fan syn wurk. Der tusken yn in direktrise dy’t
besiket it har gasten nei’t sin te meitsjen. Dat dat net al te best
slagget mei safolle tjinslagen, ûngewoane sitewaasjes en
nammeferwikselingen, lit him riede. In hotel op stelten!
Wat
der fierder bart yn it hotel moatte jimme sels mar sjen! Dit kin op:
Sneon
11 febrewaris 2012 om
20.00 oere. Yntree € 10,00
Sneon 18 febrewaris 2012
om 14.30 oere. Yntree € 7,50
Sneon 18 febrewaris 2012
om 20.00 oere. Yntree € 10,00 mei
“life muziek” oanbean
troch de toanielferiening.
Skriuw
dizze data yn jim bûsboekje want it wurdt in hilaryske foarstelling.
Wy ferwachtstje jimme allegear yn it Multifunctioneel
Centrum Burdaard , Gebouw
"Het Spectrum", Schoolstraat 12 te Burdaard. Hjir kinne jo
no al kaarten bestelle tillefoan 0519 – 332470.
|