Voorpagina Actueel Bedrijven Verenigingen Toerisme Webcam Gastenboek
Algemeen
 Voorpagina
 Actueel
 Archief
 Dorpsbelang
 Bedrijven
 Verenigingen
 Agenda
Ferdivedaasje
 Webcam
 Toerisme
 Gastenboek
 Video's
 Foto's
 Geschiedenis
Informatie
 Plattegrond
 Contact
 Links
 Huisarts
 Statistieken
 Brêge
Inloggen
 Site beheer

Hoofdpagina » Geschiedenis
In praatsje by in plaatsje diel IV:de âlde draaibrêge

Neidat in frachtskip by de al gammele brêge opklapte, waard it in noch nuodliker ûndernimmen om oer de âld draaibrêge yn it doarp te riden. De byhearrende foto fan om 1920 hinne toant de brêge mei oan wjerskanten it café 't Hoekje en rjochts ien fan de âldste gebouwen fan Burdaard: De Bond. It mei in fertroud byld lykje mar it hat der yn 'e jierren sechtich om spand oft de brêge yn it doarp bliuwe soe. Want snoade plannemakkers hienen hiel wat oars yn 'e plasse...


Der wie mear as ien oerheid oanklaud mei de minne ferbining tusken de beide gemeenten Ferwerderadiel en Dantumadeel. Sa hie in rapport fan provinsjale Wettersteat al útwiisd dat der meikoarten wat dien wurde moast oars koenen der wol ris ûngemakken barre. Der rûchelden dêrnei in stik as trije plannen fan de amtlike tekentafel. It plan dat in nije brêge ynhâlde op itselde plak as ûnderdiel fan in ferbettere ferbining tusken Ferwert en Stiennendaam koenen de measten harren yn fine. In bredere dyk hie lykwols ek mear earmslach nedich en dat hâlde wer yn dat de gebouwen dy't sa'n ferbreding yn it paad stean soenen sloopt wurde moasten. Dat wie it kafee, de winkel annex garaazje Iewâl 1, it âldste gebou fan Burdaard dat yn 'e folksmûle De Bond hyt en de wente Hellingpaad 1. Jannewaris 1964 teagen ûnderhannelers fan de beide gemeenten der op út om by de eigners fan de te slopen perselen te hifkjen hoe't hja oer in ferkeap oan de gemeenten tochten. Mar men koe fan tinken wol hawwe dat dy eigners net op 'e gemeente sieten te wachtsjen. Nim allinnich dat gebou fan de ôfd. Burdaard-Wânswert fan it Nederlânske Protestantebûn, sa't men offisjeel hiet, dat in hiele rike histoarje hat. It wie yn 1830 boud wurden as in kafee mei boppeferdjipping. Doe't it doarp Burdaard wat in te otterdokse preekfeint hie rjochte men dizze ôfdieling-mei-de-lange-namme op en dy kocht yn 1889 dit gebou om der yn 'e boppeseal te preekjen en oare gearkomsten hâlde te kinnen. Hoe wie it sechje ek al wer: dy't de waar lekket makket der gading nei? Sa'n spultsje wie it ek mei de gemeente want dy rapportearre nei de besite: "Beneden is een oude woning, boven is een klein kerkzaaltje dat plaats biedt aan plm. 40 personen. Alles uiterst eenvoudig, haast primitief". Mar it Bûn liet him fertsjinwurdigje troch in man dy't aardich yn it sâlt bebiten wie, dat wie in dûmny Boerlage fan Amsterdam. Dy liet him net ôfsâltsje en woe njonken in aardich bedrach foar it gebou ek in ferfangend plak om de tsjinsten yn hâlde te kinnen. Mei dat doel waard de iepenbiere skoalle, dêr't letter it transportbediuw TOBO yn komme soe, besjoen. Boerlage song net fuortdalik it halleljua. En mei de oare eigners gie it allyk sa. Iewâl 1 dêr siet de winkel mei graazje fan Sibbele Douma (as lytse jonkjes koenen wy it net litte de namme fan syn frou 'ijdel' te brûken: it fluch efterinoar útsprekken fan 'frou Douma, frou Douma' smiet in foarm fan legaal flokken op dêr't de folwoeksenen net folle fan sizze koenen). Douma wie ek noch taksirider en elektrisiteitsman. Mar mei syn 56 jier woe er, as der genôch tsjinoer stean soe, der wol oer neitinke om mei de boel op te hâlden. De wente Hellingpaad 1 wie fan in Visser út Amstelveen en yn gebrûk by kapper Veldhuis dy't sels fan Snits kaam. Ek kafee-eigner Minne Huizenga die net út klearebare wille de bierkraan iepen doe't de manlju fan de gemeenten by him op besite kamen mei it boadskip. Neidat eltsenien harren priis neamd hie die bliken dat Ferwerderadiel en Dantumadiel mear as trije ton kwyt wêze soenen mei oankeap fan de fjouwer perselen. En dan moast der noch in nije brêge komme. Dat jild betellet men hjoeddedei foar in sljochtwei twa-ûnder-ien-kapwente mar yn 1964 wie it noch in slompe jild benammen foar in gemeente as Dantumadiel dy't doe krekt wraksele mei de art. 12 status en finansjeel ûnder skerp tafersjoch stie fan hegere oerheden. Der waard noch ien kear in bedelskriuwen opsteld wêryn't men besocht om de eigeners op it sear te kommen. "Indien er weer exorbitant hoge prijzen uit de bus mogen komen, betwijfelen wij of pogingen onzerzijds om de brug te handhaven op de bestaande plaats enig succes zal hebben". Dat stonk sels in bytsje nei sjantaazje....

Burdaard.nl 2003 - 2012 Disclamer