Voorpagina Actueel Bedrijven Verenigingen Toerisme Webcam Gastenboek
Algemeen
 Voorpagina
 Actueel
 Archief
 Dorpsbelang
 Bedrijven
 Verenigingen
 Agenda
Ferdivedaasje
 Webcam
 Toerisme
 Gastenboek
 Video's
 Foto's
 Geschiedenis
Informatie
 Plattegrond
 Contact
 Links
 Huisarts
 Statistieken
 Brźge
Inloggen
 Site beheer

Hoofdpagina » Geschiedenis
In praatsje by in plaatsje diel V:de ālde draaibrźge(2)

Mei in driigjend skriuwen woenen de gemeenten Dantumadiel en Ferwerderadiel de ūnderhannnelings noch ris op skerp sette. Underhannelings om in pear perselen yn Burdaard oan te keapjen foar de oanlis fan in nije brźge yn it doarp. Dat wie aardich tūk: soenen de eigners fan ū.o. it gebou it Būn, it kafee en de garaazje mei winkel, harren net fine kinne yn ferkeap dan soe men de kar falle litte op in nije brźge sa'n 250 meter eastlik, būten it doarp. En dan koenen de beide gemeenten nei dy dwerse Burdaarders wize as oarsaak fan it mislearjen fan de ūnderhannelings. Mar it wie te ferwachtsjen dat de saak op 'e non rinne soe mei gemeenten dy't foar in grypstehealstoer op de earste rige sitte woenen en eigners dy't der gjin ferlet fan hienen harren eigendom kwyt te reitsjen. En dat betsjutte dat in earder plan, in brźge yn in nije dyk om Burdaard hinne, op 'e nij śt it burolaad helle wurde koe om ōfstoffe te wurden. De gemeenten woenen Burdaard noch wol wat yn 'e mjitte komme en pleats in heechhout foar de fuotgongers yn it doarp mar dat plan like it Burdaarder doarpsbelang ek op fleanen. Sa wie de tiid doe ek wol wat. De minsken hienen nei de oarloch oars gjin doel as de weropbou fan it troch de Dśtsers slim tramtearre lān. Men die dźrby froed wat it gesach, dat boppe harren steld wie, en mocht der dan in wat tiid oerbliuwe dan wie men dwaande mei it oansetten fan bern ('de babyboom'). Mar yn de jierren sechtich begūn der doch wat in oare wyn oer it lān te waaien. Al wie it hjir yn Fryslān (dźr't sa't men seit dochs alles 20 jier letter bart) sa māl noch net as bygelyks yn Parys dźr't de Eiffeltoer op 'e fūneminten stie te skodzjen by de studinte-protesten maaie 1968 of lykas yn Amsterdam dźr't de provo's (wat minder gewelddiedich) foar master begūnen op te slaan. Hurde konfrontaasjes mei de sterke earm fan de wet bleaunen net śt. No gie it yn Burdaard al wat nofliker om en ta. Gjin massale 'sit-down'-aksjes op 'e āld brźge (dat koe it kring ek net mear ferneare) of in protestmars rjochting it gemeentehūs dat yn dy tiid noch op 'e Krśshoeke yn Moarmwāld stie. Op in gearkomste fan doarpsbelang waard noch wol roppen dat mocht de brźge yn it doarp ferdwine men as protest de Ie tichtkroadsje soe mei sān. It bleau lykwols by wat roppen en by meast papieren protesten. Juny 1966 reinde it brieven op 'e buro's yn Moarmwāld want it folsleine ferieningslibben like de pinne pakt te hawwen. Mei yn 'e measte plakken de tsjerke yn 'e midden stean, it waard wol dśdlik dat yn Burdaard de brźge yn 'e midden stie. Neffens alle skriuwers wie de brźge fan libbensbelang foar de troch it wetter fan de Ie skieden doarpshelten. Oan de noardkant fan de Ie (Wānswert oan 'e Streek) fūn men ommers de Boerenlienbank, de Grifformearde tsjerke, de kristlik nasjonale skoalle en de dokter. Oan de sśdkant (Burdaard) wienen de iepenbiere skoallen, de Herfoarme tsjerke, it postkantoar en it grutste part fan de middenstān. De beide helten meiinoar telden sa'n tolvehūndert ynwenners.En as de brźge śt it doarp ferdwine soe dan moast men twa-en-in-heale kilometer omride foar bygelyks in pakje kofje. It koe de deastek betsjutte foar de middenstān en it ferieningslibben. Dźr kaam noch by dat der fiergeande plannen wienen foar in doarpshūs mei gimmestyklokaal. Men woe it Grifformearde ferieningslokaal Pro Rege (de eardere kristlike skoalle) śtwreidsje mei sa'n seal en op it plak fan it sportfjildsje dat by de skoalle hearde soe in nij fuotbalfjild komme moatte. Mar sūnder de brźge soe de eksploitaasje dźrfan nea rūnkomme. Op 10 oktober 1967 wie der in gearkomste mei alle belutsenen en doe kaam op śtstel fan ū.o. doarpsbelang it saneamde twa-brźgeplan op tafel. In ienfāldigen ien op it plak fan de āld draaibrźge en in nijenien būten it doarp. It plan wie net allinnich goedkeaper as alle eardere plannen mar wie foar alle partijen ek it aai fan Columbus dźr't eltsenien him yn fine koe.


Burdaard.nl 2003 - 2012 Disclamer