Voorpagina Actueel Bedrijven Verenigingen Toerisme Webcam Gastenboek
Algemeen
 Voorpagina
 Actueel
 Archief
 Dorpsbelang
 Bedrijven
 Verenigingen
 Agenda
Ferdivedaasje
 Webcam
 Toerisme
 Gastenboek
 Video's
 Foto's
 Geschiedenis
Informatie
 Plattegrond
 Contact
 Links
 Huisarts
 Statistieken
 Bręge
Inloggen
 Site beheer

Hoofdpagina » Geschiedenis

In praatsje by in plaatsje VI: de iepening fan de nije brêge.



Op 18 juny 1976 wurde de beide Burdaarder doarpshelten, dy't in oardel jier lang skieden west hawwe, wer meiďnoar ferbűn. Krekt as twa moanne earder yn april fan dat jier Vietnam, troch it űndertekenjen fan de fredesakkoarden troch de beide stridende partijen Noard en Súd, ek wer ien lân wurdt. Yn Burdaard hoechde dat ien-wurden net safolle slachtoffers te kostjen en it hat ek lang safolle stoere films net opsmiten as dy striid dęr yn Asië. Mar earlik is earlik: tusken it stuit dat it beslút foel (1966) om de bręge te ferfangen en it stuit dat mei in skjirre it lintsje midstwa knipt wurde koe (1976) is der yn 'e tuskentiid noch hiel wat wetter troch de Ie streamd. Dy 18e juny krekt efkes oer twaën hat Herman Wasenaar it lint trochknipt dat spand wie oer de hiele breedte fan de nije bręge. It wichtigste stik ark by dizze plechtichheid, de skjirre, wie as in kostber sieraad op in kessentsje troch leeftiidsgenoat Ieke Wassenaar meitôge. De pommeranten dy't by sa'n gelegenheid net úntbrekke kinne binne fan links nei rjochts: Piet Douwes de Jong, de wethâlder-mei-peuk (dat koe doe noch) út Wânswert, oannimmer Thijs Jellema, de man mei de maffiose sinnebril is net The Godfather III mar CDA loko-boargemaster Martinus Sterk, dęr in bytsje efter ferskűle de altiten beskieden Minne Huizinga as foarsitter fan Doarpsbelang, de beide earder al neamde jonge haadrolspilers fan dizze middei, boargemaster Ebele Talstra (ek al mei sinnebril - as soenen de beide manlju net herkend wurde wolle omdat se harren skamje dat it allegear sa lang duorre hat?) en de optein laitsjende direkteur Iepenbiere Wurken Van Wijhe. In skoandere dei foar Burdaard mar sa't ik al yn 'e ynlieding skreau ferhellet de foto net it krewearjen fan it doarp om it safier te krijen. It alderearste beslút om de al strieminne bręge te ferfangen foel yn 1966. De yn 1903 boude Steenhuizenbręge hie yn 'e strange winter fan 1963 in aardige knoei krigen. De 'bruggehoofden' (ik koe sa gau net in gaadike Fryske wjergader fan it wurd fine, mar it binne yn alle gefallen gjin 'rayonhoofden') wienen oantaast en herstel wie eins amper mooglik. Letter klapte der noch in grutte frachtboat by op en dęr waard de bręge ek net better fan. Der is doe earst noch wol ompraat op 'e bou fan in bręge bűtenom it doarp yn in nije rânewei bedoeld om it swierdere ferkear út it doarp te kearen. Yn it doarp soe dan in behyplik brechje komme foar de minsken mei de billewein of op 'e fyts. It seit himsels dat de Burdaarders kapsje makken tsjin dat plan. Efkes mei de auto fan it iene nei it oare doarp wie net allinnich ferhipte maklik mar ek somtiden needsaak. Boppedat koe it de deastek wurde foar de middenstân en foar it tsjerke- en ferieningslibben dat krekt sa opbloeid wie neidat Burdaard en Wânswert oan 'e Streek yn 1973 ien doarp wurden binne. De gemeenten binne wol fan goede wil mar de sinteraasje is de grutste stroffelstien. Op 'e dei (19 desimber 1974) dat de nije bręge bűten it doarp iepene waard - dat wie wol trochgien - wie in foar alle partijen gaadlike bręge yn it doarp noch altiten in hyt hangizer. Wethâlder Kees Boersma fan Dantumadiel hie by dy gelegenheid wol in aardich ferhaaltsje oer de nuodlike finansjele tastân by benammen syn gemeente: hy hie it oer de kreas bewurke en djoer lykjende amtsketting fan 'syn' boargemaster Talstra dy't wat skril ôfstuts by it stik izer dat syn kompaan fan Ferwerderadiel, Van Mourik, om 'e nekke te bongeljen hie en dat ornaris tsinst like te dwaan om keallen mei fęst te setten. "Mar", sa liet er der op folgje, "yn Dantumadiel rinne wy meikoarten wol allegear yn 'e bystân!". Begjin 1975 krigen de oerheden lykwols grien ljocht fanút Assen: it projekt mocht útfierd wurde as in saneamd ACW-projekt. Dat wie in soarte fan Ryksstipe foar it útfieren fan wurk yn kriten dy't oer it generaal wat efter bleaunen by de Rânestęd, dęr't it trochstrings wat rommer sopke. Boppedat kaam no de provinsje ek letterlik mei jild 'oer de bręge'. Sa koe de firma de Boer fan Warkum dan fuort nei de boufak útein sette (de plannen leinen al in skoft lang klear). Earst soe de âlde draaibręge sloopt wurde en dęrnei koe de nije betonkonstruksje opboud wurde. Om desimber 1975 hinne wie men oan de Ferwerderadielster kant fierhinne ree. Underwilens wie it bedriuw Hubert fan Snits al wakker dwaande mei de boppebou dy't in kopy wurde soe fan de bręge dy't bűten it doarp oanlein wie, mar wol in stik smeller, der mocht ommers dochs gjin swier ferkear oerhinne. En nei de maitiid fan 1976 koe dy boppebou dan oanbrocht wurde. Alles gie dat it slydjage en foar de hite simmer fan 1976 lei de nije bręge deryn. En mei it trochknippen fan it lint, de symboalyske skieding tusken klaai en wâlden, op dy skoandere 18e juny, waard Burdaard, wat de ynfrastruktuer alteast oanbelanget, op 'e nij ien.

Burdaard.nl 2003 - 2012 Disclamer