|
|
Hoofdpagina » Geschiedenis
In praatsje by in plaatsje III: oanfaring mei bręge
11 july 1967
Wy ha dit kear in foto út 1967 by de kop. Rűn men doe op guon
plakken mei 'flowers' yn it jier hjir rűn men noch gewoan op klompen. Op de
foto is te sjen dat in boat der wat űngelokkich byleit. En it hiele doarp, of
kin ik better skriuwe: de hiele doarpEN (want it wie doe noch Burdaard en Wânswert
oan 'e Streek) sille wol net útrűn węze omdat der in boat troch de bręge moast.
Al wienen sokke boaten foar my yndertiid wol in hiel o heden. Sa wie ik al ris
op besite by 'pake en beppe Tergręft' en dan hie ik altiten in hiele soad niget
oan de boaten dy't dęr troch de Ie foarby farden. Dat wie foar it grutste part
beropsferkear want minsken dy't foar harren wille in boatsje ta har foldwaan
hienen wienen der yn dy tiid noch net folle. Ik kin my noch wol yn it sin krije
dat wy dęr doe op Tergręft de hannen gear hawwe moasten foar in waarmmiel. En
dat der yn 'e fierte stadich in boat tichterby farde. Mar pake Gaatze hâlde
mar net op mei preuveljen dat it baarnde my op 't lęst al yn en ik koe my net
mear stilhâlde: “Pake doch dyn kop der efkes foar wei want der komt in boat
oan!”. Wer ris wat oars as ‘amen’ en ik haw it letter noch faak hearre moatten.
Mar werom nei dy alfde july 1967 om healwei seizen hinne. In boat kaam der oan
om troch de âlde Steenhuisenbręge te farren. Kafeehâlder Minne Huizinga wie
de bręgewipper mar dat iependraaien foel him hieltiten swierder dat hy hie it
pachtkontrakt mei yngong fan 1 jannewaris 1967 opsein. En it wie in poepetoer
om in ferfanger te finen. Dat sil der grif ek mei te krijen hân hawwe dat it
bręgewippen net in fetpot wie. Men wie yndertiid ek net yn tsjinst by de gemeente
mar men hie in pachtoerienkomst mei de beide gemeenten Dantumadiel en Ferwerderadiel.
En dan mocht men mei it ferneamde klompke bręgejild freegje by de boatsjeminsken.
Omdat it tal boaten wol ris tsjinfoel stienen de beide gemeenten garant foar
in fan te foarren ôfpraat fęst bedrach. Mar yn it fakânsjeskoft wie der altiten
wol jongfolk dat in bűssint byfertsjinje woe. Sa wie ek doe de 17-jierrige Aan
Braaksma út Rinsumageast tydlik oansteld. Mar dat bręgewippen wie wol in bytsje
mankundich wurk. Ynearsten wie it dreech om him op gong te krijen mar as er
dan ien kear draaide wie it de keunst om him ek wer op 'e tiid ôf te remjen
en dat mei dy mânske frachtboaten dy't stadichoan tichterby foeren. De bręge
moast rjocht iepen lizze om sa de trochfeart fan de boaten sa soepel moochlik
ferrinne te litten. Dy trochfeart wie 7 meter 25. De fakânsjehelp sil it grif
net goed dien hawwe want de boat rekke de bręge op en skode űnder it tek. It
wie it motorskip “De Attentie” fan D. Kreuk út Ouderkerk aan de Ijssel. No de
boat hie net in bettere namme hawwe kinnen want der spatte gâns folk op ôf op
dy ferfeelsume simmerjűn yn july. It skip fan 216 ton wie leech mar hie de as
fan de bręge aardich skansearre. It wie lykwols in gelok by in űngelok dat der
sa'n soad minsken op ôf kamen want no koe der mei man en macht besocht wurde
it skip wer los fan de bręge te krijen. Dęrta stienen der in man as acht sterke
manlju op 'e boat om de bręge in bytsje op te wippen, de skipper liet de boat
mei folle kręft efterút farre en efterop de bręge stienen noch in keppel minsken
om mei harren gewicht te helpen. De earste kear mislearre it mar by de twadde
kear, oardel oere neidat it bard wie, skeat de boat dan dochs los. De bręge
woe dęrnei wol wer draaie mar koe net rjocht wer werom yn de goede stân. Dat
de smid (grif Marten de Vlas) moast der by komme om in stik izerwurk der ôf
te seagjen en der moast in stik fan de loopplanke ôf. De boat hie foar f 800,-
skea sa stie der yn it rapport fan Gemeentewurken. Mar ek de bręge hie in knoei
krigen want de oare deis al waard tydlik in maksimum snelheid ynsteld fan 6
km yn 'e oere foar al it ferkear dat oer de bręge moast en reau dat swierder
wie as 4 ton mocht der alhielendal net mear oer.
|