Voorpagina Actueel Bedrijven Verenigingen Toerisme Webcam Gastenboek
Algemeen
 Voorpagina
 Actueel
 Archief
 Dorpsbelang
 Bedrijven
 Verenigingen
 Agenda
Ferdivedaasje
 Webcam
 Toerisme
 Gastenboek
 Video's
 Foto's
 Geschiedenis
Informatie
 Plattegrond
 Contact
 Links
 Huisarts
 Statistieken
 Brêge
Inloggen
 Site beheer

Hoofdpagina » Geschiedenis

In praatsje by in plaatsje II: de oanlis fan de brêge yn de rûnwei.

Dit kear werom nei it jier 1974. Oranje dat yn Dútslân de wrâld fuotballes jout mar sûnder priis thúskomt, piratenstjoerder Veronica dy't it swijen oplein wurdt, de earste jûntsjes nei de disko yn Op 'e Hichte. Dat wienen de dingen dêr't wy fol fan wienen wannear't wy twa kear deis de tolve kilometer nei skoalle yn Dokkum fytsten. De loft wie noch blau fan dagen mar dêr hienen wy gjin euvelmoed yn. Om Burdaard hinne grutte feroarings mar ek dêr hienen wy amper erch yn. Der waard bûten Burdaard in soarte fan rânedyk oanlein nei Stiennendaam. En dêryn kaam in nije brêge dy't de beide gemeenten Ferwerderadiel en Dantumadiel op in nije wize meiïnoar ferbine soe. It beslút om in nije brêge oan te lizzen foel op 15 juny 1966. Doe sieten provinsje, de beide earder neamde gemeenten, en Wettersteat meiïnoar om 'e tafel om oer de strieminne draaibrêge yn it doarp te redendielen. Dy kaam stadichoan klem te sitten en ûngemakken sieten yn in lyts hoekje. Men kaam ta it beslút om in nije brêge te bouwen eastlik fan it doarp, krekt foarby de mûne. Op it plak fan de âld brêge soe dan allinnich in foarsjenning foar fytsers en gongelders komme. Mar dêr wie Doarpsbelang wer net sa oer te sprekken. It beslút ta de bou fan de nije brêge wie lykwols net mear op te kearen. It ûntwerp waard makke troch Gemeentewurken fan Dantumadiel. De útfiering yn hannen fan oannimmer Heeringa op 'e Jouwer. It dek soe makke wurde troch Stork Jaffa út Utert. Neidat it brêgedek ôf wie is it ferfierd nei Willemstad dêr't in loads stie dy't grut genôch wie om it ûnbidich grutte keunstwurk binnendoarren fervje te kinnen. Fanút de haven fan Amsterdam is it monster, op in boat fan de firma Goedkoop, fertikaal nei Fryslân ferfierd.


De kolos fan mar leafst 37.000 ton soe op tongersdei 17 oktober 1974 pleatst wurde. Dat wie noch wol in spannend putsje: soenen de lju efter de tekentafel sekuer wurk ôflevere hawwe? Dat foel in slach ta:yn in foech oere wie it beslikke en siet de brêge as in hûs (by wize fan sprekken dan want hy moast fansels wol op en del kinne). In mânske kraan fan de fa. L.N.P. (Lommerts-Nijdam-Pax) út Grins boarte mei it gefaarte. De masjinist op dy kraan hat der sels neat fan sjoen: hy siet efter de ynstruminten en moast alhiel te set gean op de oanwizings fan in meiwurker fan Stork Jaffa dy't him paadwiis makke. De hiele brêge hat oardel miljoen kostte. De provinsje naam dêrfan 80% op 'e noed, de beide gemeenten de oare 20%. It betsjinningsgebou is makke wurden troch Radeko yn Holwert en de fangrail troch Prins yn Dokkum. De trochfeartbreedte op it plak is 10.30 meter en de brêge leit wat skean op 'e Ie. Sa'n fjouwer-en-in-heale graad, dat moast fanwegen it trasee fan de nije dyk nei Stiennendaam. Op 19 desimber fan dat jier soe de brêge offisjeel iepene wurde.Ek dat barde yn in meiïnoar op arbeidzjen fan de ferskate oerheden. Boargemaster Van Mourik fan Ferwerderadiel mocht de brêge sakje litte, de hear Aartsen fan Wettersteat, Talstra boargemaster fan Dantumadiel en Eelke Tadema út namme fan Doarpsbelang Burdaard, hysten de flagge. In Frambus ride dêrnei oer de brêge mei foar en efter skoalbern dy't wakker mei flagjes swaaiden. Boargemaster Talstra mocht dêrnei syn bynamme (Ebele Slokje) noch efkes eare oan dwaan om de nije brêge te bedrinken yn hotel Popma yn Feanwâlden. It doarp Burdaard wie lykwols noch net alhiel tefreden: men siet noch altiten mei dat rustige kring midden yn it doarp. Boppe de kop fan it krantestikje oer de iepening fan de nije brêge stie dan ek as in soarte fan kreet: BIRDAARD HOOPT NU OP NIEUWE BRUG IN DORPSKOM.



Burdaard.nl 2003 - 2012 Disclamer